De eamelder

 

De eamelder

In eamelder roun to eameljen

lâns de wylde, wylde sé.

Hwat hie ik,” eamele ‘er sêftkes

in sin oan in bakje thé.

Doe seach er in wite treppot

dy stie op it wiete strân,

hy hie porsleinen poatsjes

en wonk him mei de hân.

De pot bigoun to skinken,

(hy hie de thé al klear)

de eamelder stie to drinken

en eamele net mear.

 

Diet Huber (spiegel – PDF) | De Teltsjebeam

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *