Kategorie: famkes | Datum/tiid: 19 11 06 - 13:58

Tût

Ik soe dy in tùt jaan
midden yn è winkel
fan AH soe ik
myn slach slaan
by de tomaten

do wiest noch fier fuort
mar ik seach dy stadichoan
tichteby kommen
efter de winkelkarre
wiest de yochert al foarby

no de becel noch
ja ik wist watst ha moast
want ik hie dy hjir
al sa faak sjoen
ik koe de rûte dyst naamst

mar ferhip
doe stjoerdest de karre
ynienen it stritsje yn
fan de frisdranken dèr `t
guon fan yn è bonus wiene
en do kaamst net werom

ik die noch in stap fansiden
om dy nei te sjen
en doe mitere samar
it kistke mei tomaten
fan è stelling
fierder fan hûs as doe
ha ik my noch nea field




Ja, love hurts
GewoonJohan (Email) (URL) - 19 11 06 - 18:24



  
Persoonlijke info onthouden?

/ Textile


 

  (Register your username / Log in)

Kattebel:
Verberg email:

Kleine lettertjes: Alle HTML-tags behalve <b> en <i> zullen uit je reactie worden verwijderd. Je maakt links door gewoon een URL of email-adres in te typen.