Lês foaral dit earst. Anchorlinks út 'OERSICHT' hjirûnder wurkje net yn 'e Firefox-browser. Sorry dêrfoar
Jou dyn browser even de tiid om yn te laden; dizze blêdside is stadich as tsjûke stront troch in trachter.

OERSICHT

0. Yntroduksje 5. Wike 5 10. Wike 10
1. Wike 1 6. Wike 6 11. Wike 11
2. Wike 2 7. Wike 7 12. Wike 12
3. Wike 3 8. Wike 8 13. Wike 13
4. Wike 4 9. Wike 9 13. Download


RIN EK MEI!

Yntroduksje

3...2...1... Start!
Rin dy dizze simmer '
Fit mei Femke'. It tema fan de Simmer yn Fryslân-kampanje is dit jier beweging. Sintraal stiet it trainings-programma ‘Fit mei Femke’: trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle.

De trainingen binne makke troch Omrop Fryslân-buroredakteur én hurdrin-coach Jaring de Groot.

De begjinnende hurdrinner wurdt dêrmei holpen om yn koarte tiid 5 kilometer hurdrinne te kinnen.

It ultime doel: meidwaan oan de ‘Simmer yn Fryslân-loop’ fan 5 kilometer op snein 13 septimber 2015 yn Burgum (as ûnderdiel fan de 'BurgumRun').

Meidwaan kostet €11,-, ynklusyf Simmer
yn Fryslân-gadget. Dielnimme is op eigen risiko.

Fit mei Femke 2015 | Yntroduksje troch Femke
Fit mei Femke 2015 | Podcast yntroduksje (warming-up)
Fit mei Femke 2015 | Passive oefening
Nei boppe

WIKE 1

Wike 1

Hjir binne se dan: de earste podcasts fan Fit mei Femke! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser,
net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot jout tips foar de earste training

Klear foar de earste trainingswike? Hast ek de yntroduksje al trochlêzen? Doch dat wol, dêr sitte belangrike saken yn. Ik begjin hjir mei fiif tips foar de earste trije wiken

  1. Yn it trainingsprogamma wikselje we hurdrinne en kuierjen mei inoar ôf. It sykheljen wurdt wer wat rêstiger by it kuierjen en blessueres oan spieren en gewrichten as gefolch fan oerbelêsting kin sa foarkommen wurde.

  2. Hâld dy yn it begjin net mei ôfstannen dwaande, mar allinnich mei tiid. Tempo is dus net fan belang.

  3. Lis dysels de dissipline op om trije kear yn de wike te hurdrinne. Dit neffens it podcastprogramma. Dan allinnich boust ferantwurde kondysje op. It liket in protte en it freget meastentiids ek in omkear yn dyn leefpatroan.

Mar do wolst dy 5 km helje en dan moat der ek wat gebeure.

4. It begjin is altyd dreech. Mar oan de
ein fan de tredde wike komt der dochs belibbing by it hurdrinnen. Dyn enerzjyhúshâlding feroaret, do fielst dy fitter en nei alle gedachten silst sûner
ite.

5. Snelheid by it hurdrinnen is moai, mar
it rinnen freget nochal wat fan dyn spier-
en, sine (pees!), gewrichten, hert en bloedfetten. Soargje der foar dat de 5 km helber is sûnder te kuierjen. En nei 13 septimber kinst oan dyn snelheid wurkjen gean.

Noch in pear nijsgjirrige ynternetsiden
oer hurdrinne:

www.runinfo.nl
www.prorun.nl
www.runnersweb.nl
www.atletiek.nl
www.sportzorg.nl

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 1
PODCASTS WIKE 1 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 1 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 1 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 1 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 1 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 1 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 1 - training 3 - sûnder muzyk'
Nei boppe

WIKE 2

Wike 3

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 2 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot jout advys oer skuon en klean

"Bezuinigen op de aanschaf van hardloopschoenen, is bezuinigen op het verwerven van hardloopplezier"

Trije belangrike saken: pasfoarm, skokdemping en stabiliteit. Foar in goed advys is it bêste om nei in hurdrinspesjaalsaak te gean. Hast in pear âlde hurdrinskuon, nim se dan mei. It kin ien en oar sizze oer dyn rinpatroan. Rinskuon kinne ûnderferdield wurde yn trije haadkategorieën; neutraal, nei binnen rinne (oerpronaasje) en nei bûten rinne (supinaasje).

By de measte hurdrinspesjaalsaken wurdt in filmke makke fan dyn ringedrach en op basis dêrfan wurde de goeie skuon oanmetten.

By de measte minsken is de iene foet grutter as de oare foet. Keapje dyn skuon op basis fan de grutste foet.

En keapje skuon altyd in bytsje grutter as de maat fan dyn gewoane skuon Skuon binne der yn in soad breedtematen.
Ek dat is belangryk.

Goeie hurdrinklean is komfortabel en funksjoneel. Moast dy der dus goed yn bewege kinne.

It bêste is om yn ferskate lagen ademjende klean te trainen. Dus lichte klean dy’t de waarmte goed fêsthâlde kinne, mar wêrby
it swit wol fuortkomme kin. It doel fan de lagen is om ôfkuolling foar te kommen. It swit wurdt fanút de ferskate lagen ôffierd
en dêrtroch wurdst minder gau kâld.

Boppedat kinst by waarm waar in laachje útdwaan. En kinst better wat tefolle klean oan ha as te min. De hurdrinspesjaal-
saak hat lyk as by de skuon in hiel soad keuze en meastentiids ek noch yn
moderne kleuren.

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 2
PODCASTS WIKE 2 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 2 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 2 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 2 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 2 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 2 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 2 - training 3 - sûnder muzyk'
Nei boppe

WIKE 3

Wike 3

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 3 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot jout advys oer iten en drinken

Goed iten is belangryk foar hurdrinners. Troch ynspanning stelst ekstra easken oan it lichem. Sûn iten is ûnder te ferdielen yn fiif groepen. De foar in soad minsken wol bekende ‘skiif fan fiif’. Probearje alle fiif groepen yn dyn ytpatroan op te nimmen. Op dy wize bist wis datst it goeie oantal kaloryen en fiedingsstoffen binnen krigest.

De skiif fan fiif bestiet út: koalhydrate setmoalprodukten(soargje foar enerzjy yn it lichem), aaiwytrike produkten (soargje foar werstel nei in training) suvelprodukten (ek foar de enerzjy en soarget foar sterke botten), fruit (soargje foar fitaminen en enerzjy) en grienten (soargje ek foar fitaminen en mineralen).

Der is noch in seisde groep wêrûnder fetten, oaljes en sûkers falle, mar produkten út dizze kategory moatte mei mate brûkt wurde, omdat der in soad kaloryen ynsitte, mar mar in bytsje fiedingswearde.

Wetter is de bêste drank yn de wrâld! It kostet eins neat, sitte gjin kaloryen yn, soarget foar de ôffier fan ôffalstoffen út it lichem en bestiet út belangrike mineralen.

Foar dizze clinic is it fan belang om alle dagen genôch wetter te drinken. Dat is minimaal in liter en maksimaal twa liter. Gewoanwei is it net nedich om wetter mei te nimmen by de training. Mar is it hiel waarm, doch it dan wol. Dat kin yn de foarm fan in bidon of in spesjaal hurdrinfleske. Wetter is goed genôch. Yn dizze clinic is it net nedich om spesjale hurdrindranken of iten te nimmen.

Dizze wike is it flink waarm en dochs
wolst graach traine. Mar wat dochst no
by tige waarm waar?

Inkele tips:

  • Rin moarns of jûns, mar net oer-
    dei en wis net om it waarmste punt fan tolve oere hinne.

  • Soargje by waarm waar datst goed drinkst yn it foar. Nim ek in bidon
    of in spesjale hurdrin-drinkflesse
    mei foar ûnderweis. En tink der
    foaral om om nei ôfrin genôch te
    drinken.

  • Rin net boppe de 25 graden en
    doch it by waarm waar wat stadiger oan. Probearje ek in wat boskrike omjouwing te sykjen mei wat skaad ynstee fan it iepen fjild wêr de sinne folop skynt.

  • Soargje datst dy goed ynsmarst
    me sinnebrânoalje en draach as
    it kin in hurdrinpet en in sinnebril.

  • Draach by it waarme waar klean
    dy’t goed ademje kinne, sadatst
    dyn waarmte goed kwyt kinst. En draach gjin donkere klean, want
    dat nimt de waarmte op.

  • De hertslach sil 5 oant 15 slaggen heger wêze, omdat it bloed by
    waarm waar dikker is en it hert
    mear muoite hat om it rûn te pompen.

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 3
PODCASTS WIKE 3 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 3 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 3 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 3 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 3 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 3 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 3 - training 3 - sûnder muzyk'
Nei boppe

WIKE 4

Wike 4

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 4 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot: "Tink om dyn technyk!"

Alle minsken binne berne mei in unike wize fan rinnen. As bern wie it sa mar klear om te rinnen. Eins is dat no mei it hurdrinnen ek wer sa.

  • Probearje wol dyn earmen yn in hoek fan 90 graden te lizzen en meitsje in los fûstkje. It moat net krampeftich wêze. Lit de earmen moai mei bewege mei de rest fan it lichem.

  • Probearje op in foar dy sa natuerlike wize hurd te rinnen. Probearje dêrby wol dyn holle rjocht te hâlden, dyn skouders wat ôfhingje te litten (ûntspanne) en sjoch foarút en net nei de grûn. Dêrtroch bliuwt it lichem moai rjochtop.

  • Meitsje foaral yn it begjin net de lange passen. Moaie lytse paskes. De measte hurdrinners komme
    earst op de hakke terjochte, dan komt it middenstik fan de skoech
    en dan einigje se mei de ôfset fan
    de grutte tean, dy’t as lêste de
    fêste grûn ferlit.

Belangryk is datst dy bewust bist fan dyn hâlding en troch in leech tempo
te hantearjen kinst der ek oer neitinke.

As it hurdrinprogramma dan wat fierder
is, ferrint it gehiel ek wol wer wat soepel-
er.

Rin op dyn eigen wize.


Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 4
PODCASTS WIKE 4 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 4 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 4 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 4 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 4 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 4 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 4 - training 3 - sûnder muzyk'
Fit mei Femke 2015 | Hurdrincoach Jaring de Groot: "Tink om dyn technyk!"
Fit mei Femke 2015 | Meitsje in hurdrin-selfie!
Nei boppe

WIKE 5

Wike 5

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 5 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot jout advys oer rinne yn de sinne

It waar is nei alle gedachten it ûnderwerp dêr't minsken it meast oer prate. Wat is no it bêste waar om yn te hurdrinnen? Wat dochst no oan by waarm waar?

  • Rin moarns of jûns, mar net oerdei en wis net om it waarmste punt fan tolve oere hinne.

  • Soargje by waarm waar datst goed drinkst yn it foar. Nim ek in bidon of in spesjale hurdrindrinkflesse mei foar ûnderweis. En tink der foaral om om nei ôfrin genôch te drinken.

  • Rin net boppe de 25 graden en doch it by waarm waar wat stadiger oan. Besykje ek in wat boskrike omjouwing te sykjen mei wat skaad ynstee fan it iepen fjild dêr't de sinne folop skynt.








  • Soargje datst dy goed ynsmarst
    mei sinnebrânoalje en draach as
    it kin in hurdrinpet en in sinnebril.

  • Draach by it waarme waar klean
    dy’t goed ademje kinne, sadatst
    dyn waarmte goed kwyt kinst. En draach gjin donkere klean, want
    dat nimt de waarmte op.

  • De hertslach sil 5 oant 15 slaggen heger wêze, omdat it bloed by
    waarm waar dikker is en it hert mear muoite hat om it rûn te pompen.

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 5 | Hurdrincoach Jaring de Groot jout advys oer rinne yn de sinne
PODCASTS WIKE 5 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 5 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 5 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 5 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 5 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 5 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 5 - training 3 - sûnder muzyk'
Fit mei Femke 2015 | Femke docht oan yoga
( Blogilates - iPhone-app | webside | Youtube | Instagram | Twitter | Facebook )
Nei boppe

WIKE 6

Wike 6

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 6 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot; "Mei bûnzjend hert"

We rinne no in oantal wiken, mar hoe fluch moat ik eins rinne? Oant no ta is de regel om seker net te fluch te rinnen, sa datst dyn sykheljen ek noch ûnder kontrôle hast. We rinne yn in rêstich oant hiel rêstich tempo.

By it hurdrinnen binne twa hertslaggen fan grut belang. De rêsthertslach en de maksimale hertslach.

De rêsthertslach kinst it bêste opnimme ast moarns noch op bêd leist. Doch dyn tomme by dyn pols en dan tel 15 sekonden it tal slaggen. Doch dat oantal kear fjouwer en dan hast dyn hertslach per minút. De hertslach moat dan tusken de 60 en 80 sitte. Hoe better de kondysje is hoe leger de rêsthertslach.

By ynspanning dochst itselde.

Foar it berekkenjen fan dyn maksimale hertslach is in rekkenformule;

220 - dyn leeftiid (froulju mei krekt wat heger sitte mei 226) en dan noch ris 10 derôf.

Mar wy traine foaral yn de lege hertslag-gen. Dan moast toch wol tinke oan 220 minus de leeftiid en dan 40 oant 50 slag-gen der noch ôf.

Om de hertslach te bepalen binne
spesjale sporthorloazjes te krijen mei
dêryn de registraasje fan dyn hertslach.

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 6 | Jaring de Groot: "Mei bûnzjend hert"
PODCASTS WIKE 6 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 6 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 6 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 6 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 6 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 6 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 6 - training 3 - sûnder muzyk'
Nei boppe

WIKE 7

Wike 7

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 7 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot jout advys oer sykheljen

Goed sykhelje, oftewol ademje, giet eins fansels. Dat dochst dyn hiel libben al! De trúk is om by ynspanning sa ûntspannen mooglik te sykheljen. Besykje dit by it hurdrinnen te hantearjen. As de spanning en de stress te heech wurdt, dan bestiet de kâns op hyperfentilaasje.

Ast by de warming-up gewoan prate kinst is der neat oan de hân mei dyn sykheljen.

Rekket it sykheljen wol wat yn war, besykje dan djip yn te ademjen en dêrnei folslein útademje om sa it natuerlike ritme wer werom te krijen.

Wat ek noch kin is om twa stappen yn te ademjen en twa stappen út te ademjen.
Mar dan moast net yn de war reitsje,
omdat sykheljen no ien kear in automatisme is.

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 7
PODCASTS WIKE 7 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 7 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 7 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 7 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 7 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 7 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 7 - training 3 - sûnder muzyk'
Fit mei Femke 2015 | Wike 7 | Coach Jaring de Groot jout advys oer sykheljen (ademje)
Nei boppe

WIKE 8

Wike 8

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 8 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot oer superkompensaasje en blessueres

Superkompensaasje is yn fan de belangrykste trainingprinsipes. It is de basis fan wêrom datst fan hurdrintraining better wurdst, ast mar genôch tiid nimst om ta rêst te kommen.

Do trainst en dêrtroch wurdt de balâns yn dyn lichem fersteurd. De training soarget derfoar dat oan de ein fan dyn training de ynspanning ek genôch is.

Nei de training sil it lichem bykomme moatte. As it werstel goed genôch is, sil dit net allinnich oant it basisnivo wêze mar der krekt boppe.

Krigest dus wat ekstra enerzjy!

Wurdt der dan dêrnei net mear traind, dan sil it nivo wer útkomme op de prestaasje fan foar de training.

Ien kear per wike traine is net genôch. De perioade tusken de beide trainingen is te grut en dêrtroch wurdt neat opboud.

Twa kear yn de wike traine is dus minimaal en trije kear is optimaal. En as der net genôch werstel is, dan is de kâns op blessueres ek grutter.

De measte blessuers by it hurdrinnen binne dy oan de fuotten, ankels, skynbonke, knibbels, rêch en heupen.

Om blessueres foar te kommen in oantal tips:

  • Meitsje der in gewoante fan om
    foar de training tsien minuten te kuierjen.

  • Doch nei dit kuierjen in oantal
    rek- en strekoefeningen.

  • Besykje tusken de trainingen troch
    in dei rêst te hâlden. Sa kin it
    lichem bykomme en is de kâns op blessueres troch oerbelesting folle lytser.

  • Besykje safolle mooglik op de ferhurde ûndergrûn te rinnen. Dit
    is moai stabyl foar in begjinnende rinner.

  • Doch ek ris in oare sport njonken
    it hurdrinnen, bygelyks fytse of swimme.

  • Skriuw dyn ûnderfinings op nei de training. Sa krigest in patroan yn
    dyn trainingsopbou en kinst ek sjen ast tefolle of te min dien hast.


Rekkest wol blessearre, nim dan wat
ekstra rêst en skeakelje sa mooglik in spesjalist yn. Bepraat dêrmei ek wat it bêste is om it trainingsprogramma wer
op te pakken.

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 8 | Hurdrincoach Jaring de Groot oer superkompensaasje en blessueres
PODCASTS WIKE 8 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 8 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 8 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 8 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 8 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 8 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 8 - training 3 - sûnder muzyk'
Nei boppe

WIKE 9

Wike 9

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 9 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot oer hurdringadgets

It hurdrinnen is troch de jierren bot feroare. En dan wurdt foaral ek doeld op de groeimerk wat de kommersy oanbelanget. Sjoch mar ris yn in hurdrinspesjaalsaak. Dêr binne net allinnich hurdrinskuon en hurdrinklean te krijen, mar de saak hinget ek fol mei allegear assessoires.

Fan horloazjes mei alles der op en der oan oant spesjale rêchpûden mei bygelyks twa liter wetter deryn foar de lange ôfstannen.

En fia ynternet, de sosjale media en ferskate apps binne tal fan programma, logboeken ensaf. te finen.

Omrop Fryslân docht dêr no ek oan mei mei de searje podcasts foar ‘Fit mei Femke’ Sjoch mar ris op ynternet nei wat der allegear te krijen is of rin de hurdinspesjaalsaak binnen.

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 9 | Hurdringadgets
PODCASTS WIKE 9 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 9 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 9 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 9 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 9 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 9 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 9 - training 3 - sûnder muzyk'
Nei boppe

WIKE 10

Wike 10

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 10 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot;"Wêrom ast fan hurdrinnen lokkich wurdst."

Hurdrinne makket gelokkich! Endorfine is in stof dy’t frijkomt by it hurdrinnen en dat jout in goed gefoel. Dernest hat de Amerikaanske psychiater Edward Hallowell skreaun datst fiif saken ûnderfine moast om gelokkich te wurden; ferbining, spul, oefening, masterskip en werkenning.

  • Sa gau ast begjinst mei hurdrinne bist ûnderdiel fan in groep (ferbining). Oare hurdrinners sille dy by de training groetsje en mooglik wurdst lid fan in ringroep.

  • Hurdrinne is in spul! Alles mei, neat moat. Do bepaalst wat der gebeurt yn tempo en de rjochting bygelyks.

  • En traine is neat mear as oefenje
    en fan oefenje wurde je wer better.
    It jout de minsk bertrouwen en
    rûtine.

  • Dan folget it masterskip. Ast it hurdrinne langere tiid dochst, dan fielst dy der goed yn wurden en bist der grutsk op.

  • Ast dan by de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber oer de finish komst, dan is der dy werkenning.
    Yn it foarste plak fan dysels, mar
    ek seker fan dyn famylje en kennissen. Dat makket dy echt gelokkich.

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 10 | "Wêrom ast fan hurdrinnen lokkich wurdst."
PODCASTS WIKE 10 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 10 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 10 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 10 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 10 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 10 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 10 - training 3 - sûnder muzyk'
Nei boppe

WIKE 11

Wike 11

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 11 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Jaring de Groot oer de tarieding foar de Simmer yn Fryslân-loop

Noch in pear wike en dan stiest oan de start fan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun. Dyn earste offisjele hurdrinwedstriid.

Best wol spannend, mar sjoch it foaral as in útdaging datst hjir oan mei dwaan meist. Hjirby in pear oandachtspunten dy’t wy dy no al mei jaan wolle.

  • Sjoch al ris efkes op de lokaasje dêr't it evenemint holden wurdt (Elektrisiteitssintrale Burgum, Koumarwei 2).

    Sa krigest in bytsje in idee wat it is. Kinst ek op de site www.burgumrun.nl sjen. Dêr stiet ek fan alles op by ‘foto/video’ fan de ôfrûne acht jier.

  • Sjoch ek ris op de site www.burgumrun.nl foar de rûte yn Google Maps. En sa mooglik kinst de rûte yn it foar ek al fytse!

  • Tink al fêst nei hoe de wedstriid oer 5 km ferrinne moat. Hast no hiel wat trainingen hân. Wurdt it in kwestje fan útrinne op in leech tempo. Ynstek is dan om it gewoan te heljen.

    Kinst ek foar in opbou kieze troch stadich te begjinnen en geandewei de 5 kilometer it tempo wat op te fieren.

  • Rin wol dyn eigen tempo en lit dy
    net meislepe troch oare hurdrinners. Se kinne in hiel oar doel ha wat it wedstriidferrin oanbelanget.


  • Tink ek alfêst nei oer de hurdrinklean foar de wedstriid. It is
    no noch net dúdlik wat it waar wurde sil op 13 septimber, mar ien ding is wol wis; it wurdt net kâld. Lit dy foaral liede troch de klean dy'tst by de trainingen oan hân hast. En wolst noch wat nijs keapje, doch dat dan no, want dan kinst it noch oan ha
    mei de training. En kinst fiele as it goed sit.

  • Bring famyljeleden en kennissen
    op de hichte fan it feit datst meidochtst oan de Simmer yn Fryslân-loop. Se kinne dy dizze
    lêste wiken noch stypje en op de
    dei sels is it natuerlik moai dat se
    dy oer de finish kommen sjogge.

  • En… genietsje oer in pear wiken fan de Simmer yn Fryslân-loop. It makket net út op it hoefolste plak
    ast oer de finish komst. Elkenien is in winner. En de ûnderfining is meastentiids dat der nei dy noch
    hiel wat minsken oer de finish komme moatte.

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 11 | Coach Jaring de Groot oer de tarieding foar de Simmer yn Fryslân-loop
PODCASTS WIKE 11 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 11 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 11 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 11 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 11 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 11 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 11 - training 3 - sûnder muzyk'
Nei boppe

WIKE 12

Wike 12

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 12 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot; "Tips om troch te setten"

De Simmer yn Fryslân-loop komt no echt tichtby. Bist der al hielendal klear foar of komme der toch wat ‘kleine pijntjes’ om de hoeke sjen? Bliuw posityf en hâld de gedachte fêst datst it kinst.

Hâld dy ek goed oan it trainingsprogramma en doch seker net mear as dat yn it programma stiet. De bedoeling is sels om wat gas werom te nimmen, om dy sa wat rêst te jaan foar de dei fan 13 septimber dêr't it gebeure moat.

Dizze wiken binne miskien wol it swierst. Eins bist der fierhinne klear foar, mar moast dy noch efkes wat ynhâlde.

Mar it komt goed.

Dan is de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber foarby, en dan…?

Is soe spitich wêze dat de basis fan 5 kilometer hurdrinne ferlern giet. Kinst foar dysels trochgean mei hurdrinnen en bliuw dat minimaal twa kear per wike dwaan.

Stadichoan kinst de ôfstân dan wat fierder útwreidzje.

Mar in soad minsken ha toch in ‘stok achter de doar’ nedich. Dan is in rinklup
in oanrieder.

Yn Fryslân binne tal fan atletykferienings
en ringroepen aktyf. Sport Fryslân hat hjir wol in goed oersjoch fan. It foardiel fan in ringroep is dus dy ‘stok’, mar ek it foar-diel fan mei-inoar rinne. Seker yn de winterperioade is dat noflik.

Boppedat kinst ûnderling wat kompetysje oangean, is it sosjale aspekt belangryk en is it leuk om mei in groep nei in wedstriid
ta te gean.

En je kinne ûnderfinings yn it hurdrinne útwikselje.

Koartsein in soad foardielen om nei de Simmer yn Fryslân-loop by in ringroep
oan te sluten.

Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 12 | "Tips om troch te setten"
PODCASTS WIKE 12 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 12 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 12 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 12 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 12 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 12 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 12 - training 3 - sûnder muzyk'
Nei boppe

WIKE 13

Wike 13

De podcasts fan Fit mei Femke foar wike 13 steane no klear! Alle wiken komme der trije nije trainingen online. Dy binne hjirûnder te beharkjen.

Ek binne de podcasts te beharkjen op de Omrop-app, mar dan moast wol oer ynternet beskikke ûnder it rinnen. De podcasts binne ek te finen op iTunes.

Wolst de podcast downloade en sels op dyn telefoan of mp3-spiler sette? Kinst kieze foar in podcast mei of sûnder
muzyk.

Foar PC/laptop: Klik mei de rjochter mûsknop op de link hjirûnder en kies foar 'Link opslaan als'.

Foar Android: Hâld de link fan de
podcast yndrukt en kies dan foar 'link opslaan'. De podcast is dan te finen yn 'Downloads' (wurket allinne yn browser, net yn omrop-app)

Foar iOS: de podcasts binne ek te finen
op iTunes.


Hurdrincoach Jaring de Groot oer de generale repetysje

De wike fan de wierheid!

It is no eins wachtsjen op snein. Besykje de wike safolle mooglik te relativearjen en sjoch út nei snein datst ien fan de gelokkigen bist om mei te dwaan oan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun.

Noch in oantal tips foar snein:

  • Betiid fan bêd en genietsje fan in goed moarnsbrochje.

  • Soargje derfoar datst genôch drinkst.

  • Sjoch nei it waar wat foar hurdrinklean datst oan ha moast. Lis dyn hurdrinklean en –skuon klear.

  • Nim noch wat te iten mei foar ûnderweis of krekt foar de start. Nim ek in bidon mei wetter of sportdrank mei.

  • As it mooglik is, kom dan op de fyts. Dat is maklik parkearje en sa hast ek automatysk al wat dien oan de warming-up.

  • Kinst dy omklaaie yn spesjale klaairomtes op it terrein.

  • Nim dan de tiid foar de warming-up.

  • Nei de start fan de Simmer yn Fryslân-loop.

  • Besykje yn it startfak in goed plak te finen. De flugge rinners foaroan en
    de rest dêrachter.

  • Nei de start rinst automatysk oer de matte dy't dyn starttiid registrearret
    en rin dêrnei yn dyn eigen tempo. Genietsje foaral ek fan de moaie omjouwing.

  • Underweis binne der twa fersoargingsposten en nei de finish ien. Meitsje hjir gebrûk fan. Der is wetter en sportdrank.

  • Nei ôfrin krigest in oantinken oan de Simmer yn Fryslân-loop.

  • Kinst dy wer omklaaien. Der is ek gelegenheid om te dûsen.
    Sukses!

    Jaring de Groot


Fit mei Femke 2015 | Wike 13 | De lêste Fit mei Femke vlog
PODCASTS WIKE 13 DOWNLOAD
Download hjir de podcast 'wike 13 - training 1 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 13 - training 1 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 13 - training 2 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 13 - training 2 - sûnder muzyk'
Download hjir de podcast 'wike 13 - training 3 - mei muzyk' Download hjir de podcast 'wike 13 - training 3 - sûnder muzyk'
Nei boppe

MEDIA DELHELJE

Worddoc
PDF
Alle podcasts yn ien ZIP!
(Klik mei de rjochter mûsknop op it ikoan hjirboppe en kies foar 'Link opslaan als')