KomkommerCam

--| Lief Dagboek, Leaf Deiboek |--

Troch Posted on 0 reaksjes 153 x besjoen

Dertien september 2020. Nog steeds niets te melden. Komkommertijd

Mevrouw werkt, ik zit thuis mijn tijd uit te zitten en zo nu en dan kom ik mijn hol uit om, met gevaar voor eigen leven, boodschappen te doen dan wel mijn moeder te vereren met een bezoek van mijn sprankelende persoonlijkheid.

Zo ook twee weken terug. Het was tenslotte alweer enige tijd geleden en het moment was daar om de vruchten van mijn noeste arbeid -lees het uitproberen van een recent gemonteerde, overgebleven dashcam aan de achterkant van mijn geliefde BettyFord– in de praktijk te brengen tijdens een ritje naar Friesland. En weer terug natuurlijk (klik ↓):

Verder allemaal niet zo heel spannend: het was ouderwets gezellig-met-restricties, broer was thuis maar die had meer oog voor z'n nieuwe pc dan voor z'n oude broertje… Niet erg want lekker rustig. Kortom; business as usual.

Eenmaal weer thuis besloot ik van de dashcamopnamen één geheel te maken want tijd teveel en inspiratie te weinig, ét voila; zie onder.

Resumé: nog steeds geen kont te beleven in het insignificante bestaan dat eamel heet en dus gaan we gewoon verder waar we gebleven waren v.w.b. het minimaliseren ervan: sociale media-accounts worden leeggetrokken, opgeschoond dan wel opgeheven omdat we eind dit jaar een al dan niet vrijwillige frisse start kunnen maken (lang verhaal; vertel ik je wellicht nog wel eens).

Nog even dit: mocht je hier gekomen dankzij een kattebelletje in je mail of d.m.v. een RSS melding, raad ik je ten zeerste aan de huishoudelijke mededeling onder het filmpje te lezen. Geloof me, 't is voor je eigen bestwil… 😄

 

Trettsjin septimber 2020. Noch hieltyd neat te melden. Komkommertiid.

It frommeske wurket, ik sit thús myn tiid út te sitten en sa no en dan kom ik út myn hol om, mei gefaar foar eigen libben, boadskippen te dwaan dan wol myn mem te ferearjen mei in besyk fan myn sprankeljende persoanlikhyt.

Sa ek twa wiken werom. It wie ta beslút alwer iennige tiid lyn en it momint wie dêr om de fruchten fan myn warbere wurk -lês it besykjen fan in koartlyn fêstmakke, oerbleaune dashcam oan de efterkant fan myn leafste BettyFord– yn de praktyk te bringen wilens in ritsje nei Fryslân. En wer werom natuerlik (klik ↓):

Fierder allegearre net sa hiel spannend mar it wie âlderwetsk gesellich-mei-restriksjes, broer wie thús mar dy hie mear each foar syn nije pc dan foar syn âlde broerke… En da's oké want lekker rêstich. Koartsein; business as usual.

Ienris wer thús besleat ik fan de dashcamopnamen in hiel te meitsjen want tiid tefolle en ynspiraasje te min, ét voila; sjoch ûnder.

Koartsein: noch hieltyd gjin kont te belibjen yn it insignifikante bestean dat eamel hyt en dus gean wy gewoan fierder wêr wy bleaun wiene f.w.b. it minimalisearjen derfan: sosjale media-accounts wurde leeglutzen, opskjinne dan wol opdoekt om 't wy ein dit jier in al dan net frijwillige frisse start meitsje kinne (lang ferhaal; fertel ik dij fèst noch wol ris).

Noch efkes dit: bist do hjir kaam troch in kattebeltsje yn dyn mail of troch in berjocht yn dyn RSS reader, is it lang net ferkeard dat jo de húshâldlike meidieling ûnder it filmke lêze. Leau mij,'t is ta dyn bêstens. 😄



HUISHOUDELIJKE MEDEDELING

In verband met bovengenoemde marginalisatie van mijn bestaan, inclusief het digitale deel ervan, heb ik besloten om de subdomeintjes des eamels (insta-eamel, photo-eamel) op korte termijn op te heffen.

Om de zorgvuldig opgebouwde content niet geheel verloren te laten gaan, zal een en ander naar dit hoofddomein worden verplaatst.

Gevolg is natuurlijk wel, en nu komt het, dat je RSS reader een shitload aan 'nieuwe', oude berichten binnen zal krijgen. Je kan 'm natuurlijk uitzetten, je abonnementje op dit blog annuleren of gewoon de boel negeren. Kortom: het is aan jou.

't Is even dat je 't weet. Een gewaarschuwd mens telt voor twee. 😎

EINDE HUISHOUDELIJKE MEDEDELING 

 

HÚSHÂLDLIKE MEIDIELING

Yn ferbân mei it boppeneamde marginalisearen fan myn bestean, ynklusyf it digitale diel derfan, ha ik besletten om de subdomeintsjes des eamels (insta-eamel, photo-eamel) op koarte termyn op te heffen.

Om de soarchfâldich opbouwe kontint net hielendal ferlern gean te litten, sil ien en oar nei dit hoofddomein ferpleatst wurde.

Gefolch is fansels wol, en no komt it, dat dyn RSS lézer in bulte oan 'nije', âlde berjochten binnen krije sil. Do kinst 'm fansels ûtsette, dyn abonnementsje op dit blog annulearje of gewoan de boel negearre. Koartsein: it is oan dij.

't Is efkes datsto 't wist. In warskôge minske telt foar twa. 😎

EIN HÚSHÂLDLIKE MEIDIELING

Abonneer
Laat het weten als er
guest
0 Reaksjes
Inline feedbacks
Bekijk alle reacties
Foarige
Trutjurk & GruttePier doen aan quarantaine

↓
0
Zou graag je gedachten willen weten, s.v.p. laat een reactie achter.x
()
x