Nijsgjirrich nei 15 heech Sjoerd de Vries: "Dat is myn gerdyn"

sjoerd-huuske800

Al sinds Broer er tegenover kwam te wonen, inmiddels meer dan twintig jaar geleden, intrigeert het me mateloos; het keukenkastdeurtje van de overbuurman dat altijd open staat.

Sterker nog; irritatie is misschien meer op z’n plek. ‘Doe dat kastje nou eens dicht!’ wil ik roepen naar de bewoner als ik weer eens op Broer‘s balkon sta te contempleren. Maar er is geen bewoner. Het huis staat altijd leeg.
Zo lijkt het.

Enfin.

Ik wist al vrij snel dat ‘t huis niet gebruikt werd zoals oorspronkelijk de bedoeling was; het is nl. Sjoerd de Vries’ atelier.

Voor wie ‘m niet kent; Sjoerd is van 1941 en daarnaast een bijzonder getalenteerde schilder, beeldend kunstenaar en graficus en geboren en getogen in Oudehaske, een dorpje dicht tegen Heerenveen. +

Dat alles wist ik niet. Wat ik wél wist was dat Sjoerd een merkwaardig mannetje leek, elke oudere Heerenvener weet waar ik ‘t over heb als je ‘m weer eens op z’n vouwfietsje over straat ziet karren, in z’n lange jas en op z’n hoofd die onmiskenbare, zwart vilten hoed.

Het kan zijn dat ik iets bevooroordeeld was; mijn oudste broer Tsjeard, Rust In Vrede, had nog wel eens een aanvaring met Sjoerd, als men elkaar tegenkwam in de stationsrestauratie, al dan niet in een benevelde toestand.

Hoe het ook zij; ik dacht er het mijne van, van Sjoerd en dat eigenaardige, ietwat scheve keukenkastdeurtje, wat altijd open staat.

Al sûnt Broer der tsjin oer kaam te wenjen, ûnderwilens mear as tweintich jier lyn, yntrigearet it my geweldich; it keukenkastdoarke fan de oerbuorman dat altyd iepen stiet.

Sterker noch; argewaasje is miskien mear op syn plak. ‘Doch dat kastje no ris ticht!’ wol ik nei de bewenner roppe as ik wer ris op Broer’s balkon stean te kontemplearjen. Mar der is gjin bewenner. It hûs stiet altyd leech. Sa liket it.

No ja.

Ik hie al ridlik gau troch dat ‘t hûs net brûkt waard, sa ‘t eartiids de bedoeling wie; it is nl. Sjoerd de Vries’ atelier.

Foar wa m net kin; Sjoerd is fan 1941 en dêrneist in bysûnder talintearre byldzjend keunstner, skilder, grafikus en hikke en tein yn Aldehaske, in doarpke tichte by It Hearrenfean+

Dat alles wist ik net. Wat ik wol wist wie dat Sjoerd in nuver mantsje like, alle âldere Feansters wit wêr t ik oer ha, ast ‘m wer ris op syn optearfytske oer strjitte karjen sjoschst, yn syn lange swarte jas en op ‘ e holle dy ‘ t ûnmiskenbere swart filten houd.

It kin wêze dat ik wat befoaroardield wie; myn âldste broer Tsjeard, Rêst Yn Frede, hie noch wol ris in oanfarring mei Sjoerd, as men inoar tsjinkaam yn de stationsrestauraasje, al dan net yn in beskonken tastân.

Hoe ‘ t ek wêze mei; ik fûn der wat fan, fan Sjoerd en dat nuvere, wat skeane keukenkastdoarke, wat altyd iepen stiet.


Tot ik onlangs -verveeld- bij Broer op de bank aan het zappen was en bij een aflevering van Fryslân Dok terecht kwam.

U moet weten; Fryslân Dok is een reeks mini-documentaires en behoort tot de pareltjes binnen het (regionale) media landschap. Mooi vormgegeven, prachtige beelden en dito muziek, en overwegend beklijvende onderwerpen.

Anyway. Dit keer was kunstenaar Sjoerd aan de beurt in verband met een op handen zijnde overzichts- tentoonstelling in dat prachtige Museum Belvédère in het ‘schilderachtige’ (woordspeling) Oranjewoud.

En hoewel mijn beeld onveranderd is wat betreft Sjoerd’s merkwaardigheid (‘Ik heb een pittige vorm van straatdwang’ (..)), heb ik, na ‘t kijken van dit beeldwerkje, toch meer begrip gekregen voor De Mens achter Sjoerd de Vries. Voor zijn depressies, zijn warse manier van werken en zijn wonderlijke sociale capaciteiten. 

Het toeval wilde dat, toen ik ‘s avonds weer op weg zou gaan naar het Rotterdamse, ik een klein mannetje onderaan Muntflat Lânsicht ontwaarde, friemelend aan een vouwfietsje. Naast hem een blonde mevrouw die zomaar een dochter van ‘m had kunnen zijn.
Sjoerd.

“Mei ik jo wat freegje?” vraag ik hem.
“Wat?”
“Ik bin in soarte fan oerbuorman en haw ferline wike jo dokumintêre sjoen. Jo binne nochal ferneam. Mei ik mei jo op de foto?”
“Moat dat?”
“Né hear, neat moat, mar ‘t is wol aardich.” 
“Gau dan want ik moat nei it stasjon.”

Ik kijk de blonde mevrouw aan met mijn meest verleidelijke blik en vraag haar of ze even op het knopje wil drukken. Ook zij lijkt weinig zin te hebben als ik haar blik zo zie.

Terwijl men weer op de fiets stapt, vraag ik Sjoerd wat het hogere doel dient inzake zijn permanent geopende keukenkastdeurtje. ‘Dat is mijn gordijn’ mompelt Sjoerd en weg is hij.

Logisch.

Die Sjoerd. Dat merkwaardige, bijzonder getalenteerde Kleine Grote Mannetje.  
Je suis Sjoerd.

Oant ik koartlyn -ferveeld- by Broer op ‘e bank oan it knippen wie en bij in ôflevering fan Fryslân Dok te lâne kaam.

Jo moatte witte; Fryslân Dok is in rige mini-dokumintêres en heart ta de pearels binnen it (regionale) media lânskip. Moai fan foarm, prachtige bylden en dito muzyk, en foar it meastepart beklibjende ûnderwerpen.

Anyway. Diskear wie keunstner Sjoerd oan bar yn ferbân mei in -ynkoarten- oersichtstentoanstelling yn dat prachtige Museum Belvédère yn it smûke Oranjewâld.

En hoewol ‘ t myn byld yn wêzen net feroare is as it giet om Sjoerd’s nuverich-hyt (‘ik haw in pittich foarm fan straatdwang’ (..)), haw ik nei ‘t sjen fan dit byldwurkje wol mear begryp krigen foar It Minske achter Sjoerd de Vries. Foar syn depresjes, syn dwerse manier fan wurkjen en syn wûnderlike sosjale kapasiteiten.

It tafal woe dat, doe ‘t ik de jûns wer fuort gean soe nei it Rotterdamske, ik in lyts mantsje ûnderoan Muntflat Lânsicht gewaar waard, fimeljent oan in optearfytske. Njonken him in ljochthierrig frommes dy samar syn dochter wêze kinnen hie.
Sjoerd.

“Mei ik jo wat freegje?” frege ik him .
“Wat?”
“Ik bin in soarte fan oerbuorman en haw ferline wike jo dokumintêre sjoen. Jo binne nochal ferneam. Mei ik mei jo op de foto?”
“Moat dat?”
“Né hear, neat moat, mar ‘t is wol aardich.” 
“Gau dan want ik moat nei it stasjon.”

Ik sjoch it ljochthierrig frommes oan mei myn meast ferliedlike blik en freegje har of se even op it knopke drukke wol. Ek sij hat ‘r net folle nocht oan as ik har blik sa sjoch.

Wylst hja wer op ‘e fyts stapt freegje ik Sjoerd wat it hegere doel tsjinnet op it mêd fan syn permanint iepene keukenskastdoarke. “Dat is myn gerdyn” grommelt Sjoerd en fuort is er.

Logysk.

Dy Sjoerd. Dat opmerklike, tige talintearre Lytse Grutte Mantsje
Je suis Sjoerd.

selfie_800

(Disclaimer; gezien Sjoerd’s lengte moest ik door de knieën. Gevolg is dat het lijkt of ik moet poepen. Excuus daarvoor) | Sjoen Sjoerd’s lingte moast ik troch de knibbels. Gefolch is dat it liket oft ik skyte moast. Ekskús dêrfoar)


NB. Hoewel onderhevig aan subjectiviteit, had ik al gezegd dat Sjoerd bijzonder aardig kan schilderen/schuren/snijden/plakken?

5

Sjoerd de Vries | Zelfportret (1988)

2

Sjoerd de Vries | Zelfportret 1965

11

Sjoerd de Vries | Paard (1965)

10

Sjoerd de Vries | Rugnaakt (1982)

9

Sjoerd de Vries | De Deelen (2012)

3

Sjoerd de Vries | Zelfportret met hoed van pake Theunis (1959)

1

Sjoerd de Vries | Bar (2009)

4

Sjoerd de Vries | De Deelen (2004?)

6

Sjoerd de Vries | Philipe (1992)

7

Sjoerd de Vries | Zelfportret, ziekenhuisperiode (1989)

8

Sjoerd de Vries | Van Panhuijskanaal (1979)

sjoerd_de_vriestiet

Sjoerd de Vries | Esmaralda (1992)

sjoerd-de-vries

Sjoerd yn syn ‘atelier’ | Foto: Heerenveense Courant

4 reaksjes

  1. Marloes freed, 11 novimber 2016 - 2:15 / 14:15

    Zou hij op die hoogte überhaupt pottenkijkers hebben?

  2. eamel freed, 11 novimber 2016 - 2:35 / 14:35

    Ik durf het hardop te betwijfelen. Je zit natuurlijk niet voor niks op 15 hoog met al minstens 20 jaar je ‘gordijntje’ potdicht

  3. jochum ( parapinter ) freed, 11 novimber 2016 - 5:31 / 17:31

    In prachtich stikje……..

  4. eamel freed, 11 novimber 2016 - 5:38 / 17:38

    Tige tank, Jochum

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *